Identiteit deade noch ûnbekend

20 jan 2014 - 14:04

It is noch altyd net bekend wa't de man is dy't ferline wike mei in buske yn Drachten it wetter ynried en omkaam. It buske wie stellen by in ierpelhanneler yn Winsum yn Grinslân. By de Loswâl yn Drachten ried de man it wetter yn.

De plysje hat foto's fan de man publisearre. De man hat in licht tinte hûdskleur en in stik of wat tatoeaazjes. Ien dêrfan is fan de Amerikaanske rockband Dropkick Murphy's. http://www.politie.nl/vermist/ongeidentificeerd/2014/januari/01-identite...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)