Thússoarch nei operaasje

Fryske sikehuzen komme mei oplossings om pasjinten bûten de doar nei in operaasje dochs soarch te bieden. Earder koene eks-pasjinten tydlik terjochte yn in fersoargingshûs of ferpleechhûs, mar dy mooglikheid is skrast. De polityk rekkent benammen op help út de eigen omjouwing. Mar net elk hat mantelsoargers om him hinne.
Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean biedt thússoarch of âldereinsoarch oan. It Antoniussikehûs Snits set yn op thússoarch.
Inkeldris komt it yn Fryslân noch wolris foar dat ien yn it sikehûs lizzen bliuwt nei in operaasje. Mar eins binne der op it stuit gjin problemen, seit foarsitter Wouter van der Kam fan de Antonius Zorgroep. Yn oare dielen fan Nederlân ûntstean wol problemen trochdat minsken langer yn in djoer sikehûsbêd lizzen bliuwe, omdat se gjin goede neisoarch thús hawwe.