Ko deariden op A31

In losbutsen ko hat moandeitemoarn foar opskuor soarge op de A31 tusken Ljouwert en Harns. De plysje krige om acht oere hinne in melding dat in ko op de dyk rûn, mar koe net foarkomme dat it bist oanriden waard. By de ôfslach nei Marsum waard it bist troch in auto skept. In twadde auto rekke de ko ek en botste dêrnei tsjin de fangrail.
Neffens de plysje binne der gjin ferwûnen fallen en koe it ferkear goed trochride om't it ûngemak op de flechstreek barde. De ko hat it ûngelok net oerlibbe.
Fan wa't de ko wie, wie earst ûnbekend. Letter die bliken dat it bist ûntkaam wie oan in slachter yn Marsum. Hy wie útnaaid doe't er moandeitemoarn by tsjuster útladen waard. De ko wie eigendom fan in boer út de omkriten fan Snits. It bist is ôffierd nei destruksjebedriuw Rendac.