Gjin spoeddebat oer Thialf

20 jan 2014 - 12:01
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

De steaten hâlde foarearst gjin spoeddebat oer de oanbesteging fan de renovaasje fan Thialf. De fraksje fan de PVV hie dat graach wollen, mar de oare partijen wolle der net oan foardat de defintive gunning fan it projekt bekend is. Dat seit Otto van der Galiën, fraksjefoarsitter van de PVV yn de steaten. De bedoeling is dat de definitive tawizing fan de ferbouwing ein dizze wike plakfynt.

De PVV hie om it ekstra debat frege omdat de Thialf-opdracht ynearsten tawiisd is oan Ballast Nedam, in bedriuw sûnder bining mei Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)