Kampanje foar ambulânsesoarch

De ambulânsesoarch begjint yn febrewaris mei in grutte kampanje om it publyk better te ynformearjen oer wat de meiwurkers fan de ambulânse krekt dogge. In soad minsken hawwe neffens wurdfierder Roel Barkhof fan Ambulânsesoarch Fryslân in ferkeard byld fan ambulânsesoarch.
Meiwurkers fan de ambulânse binne der hjoeddedei op traind om yn it foarste plak op lokaasje help te ferlienen. Ferfier nei it sikehûs wurdt allinnich dien as dat nedich is. Minsken dy't help krije, begripe dat net altiten, sa seit Barkhof.
Ambulânsesoarch wol boppedat graach wat mear romte fan oare ferkearsdielnimmers as se mei spoed ûnderweis binne. Neffens ambulânsesjauffer Chris Hoogstra fan de post yn Bûtenpost wite net alle ferkearsdielnimmers wat se dwaan moatte as der in ambulânse mei blauwe ljochten oankomt. Hy hat it leafst dat de minsken foarsichtich útwike nei de bûtenkant fan de dyk, sadat de ambulânse oer it midden fan de dyk trochride kin.