Huizenga wint wrâldbeker

20 jan 2014 - 09:09
  • Jenning Huizenga

Jenning Huizenga hat yn Meksiko syn earste wrâldbekerwedstriid yn syn karriêre wûn. De âld-Frjentsjerter wûn yn de finale fan de yndividuele efterfolging fan de Argentyn Mauro Agostini. Trije rûntsjes foar de ein seach er syn tsjinstanner al yn de rêch. "It jout in lekker gefoel ast dan dyn oerwinning al fiere kinst" sei Huizenga. It folgjende doel is it wrâldkampioenskip yn Kolombiaanske Cali. Dat WK is fan 26 febrewaris oant en mei 2 maart. Yn 2008 waard Huizenga twadde op it WK achter de Brit Bradley Wiggins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)