Sulver foar shorttrackmanlju

© awfoto.nl
De Nederlânske shorttrackmanlju binne der snein op it ûnderdiel ôflossing by it EK shorttrack yn Dresden net yn slagge de Europeeske titel oer te nimmen fan regearend kampioen Ruslân. Yn de slotronde fan de finale moast Sjinkie Knegt de winst litte oan de Rus Victor An, dy't dêrmei foar Ruslân lykas ferline jier de titel pakte. It sulver wie foar de Nederlanners mei dêryn ek de Fries Daan Breeuwsma. It brûns gong nei Dútslân.