Hutton winner Grutte Priis

© ANP
Springruter Samuel Hutton út Ingelân hat snein yn Drachten de Grutte Priis fan Fryslân wûn. De Brit wie yn de lêste barraazjerit de rapste yn in tiid fan 28.67. Dêrmei wint Hutton it prizejild fan tweintichtûzen euro. It twadde plak wie foar Gregory Wathelet út België, dy't mei in tiid fan 29.51 krekt wat rapper wie as de Italiaan Emanuele Gaudiano dy't as tredde einige.