Gjin EK-titel foar Knegt

19 jan 2014 - 16:51
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt kin in Europeeske titel wol ferjitte. De Bantegeaster gong sneintemiddei by it EK shorttrack yn Dresden ûnderút gong yn de heale finale fan 1000 meter. Knegt lei op fjirde posysje en besocht binnentroch yn te heljen. Dêrby gong er ûnderút.

By de ynhelaksje naam er ek de Fransmân Thibaut Fuconnet mei yn syn fal. Knegt einige as tredde en giet net troch nei de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)