Cambuur pakt wichtige punten

SC Cambuur hat snein wichtige punten pakt yn de striid om liifsbehâld. Op eigen fjild waard mei 2-0 wûn fan Go Ahead Eagles. Mei in geweldich skot yn de krusing soarge Marcel Ritzmaier yn de 18e minút foar de iepeningstreffer. In frije traap fan Ritzmaier gong dêrnei krekt njonken. Ek Elvis Manu wie tichtby de 2-0, mar syn skot waard keard.
Yn de 65e minút brocht Martijn Barto it publyk op 'e nij yn ekstaze doe't er tekene foar de fertsjinne twadde treffer. Barto hie ek de 3-0 op 'e skoech mar fersomme de wedstriid yn it slot te smiten.
Troch de oerwinning hâldt Cambuur hikkesluter ADO Den Haag en nûmer 17 NEC achter him. NEC wûn sneintemiddei mei 3-1 fan ADO. Cambuur stiet mei 19 punten op likense hichte mei Roda JC en RKC.