Cambuur-kiste foar Auke Visser

19 jan 2014 - 14:29

Auke 'de sloper' Visser, ien fan de meast markante ynwenners fan Ljouwert dy't freed ferstoar, krijt syn lêste rêstplak yn in spesjale Cambuur-grêfkiste. Soan Robbie Visser hat dêrta it inisjatyf naam om't syn heit rûnom bekend stie as in grut fan fan SC Cambuur.

Auke Visser krige lanlike bekendheid troch reportaazjes yn it tv-programma Man Bijt Hond. Neffens de famylje sil Auke Visser oankommende freed kremeard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)