Plysje fynt bestelbus ûngelok

De plysje hat snein yn Ljouwert it wite bestelbuske fûn, dat nei alle gedachten sneontejûn belutsen wie by it earnstige ûngelok op ut Ljouwerter Suderplein. By dat ûngelok rekke in jonge scootterrider (19) út Ljouwert swier ferwûne. Nei dat ûngelok ried de bestjoerder fan it buske troch, sûnder it slachtoffer earste help te ferlienen. In tsjûge ferliende earste help oan it slachtoffer. Wylst de tsjûge dat die waard syn fyts troch in foarbijgonger stellen.
Dêrnei waarden minsken fan de media dy't opnames makken troch in oare man bedrige.
De man drige de kameraminsken mei in mes. De kameraminsken hawwe oanjefte dien. De eigner fan de bestelbus wurdt sneintemiddei as fertochte troch de plysje heard. De plysje hat de bestelbus yn beslach nommen.