No ek snie-ûle op strân Skylge

19 jan 2014 - 13:00

It tal snie-ûlen op de Waadeilannen is ferdûbele. Der siet al langer in jong mantsje op Flylân, dat nei alle gedachten earder op Teksel siet. En no hat Skylge ek in snie-ûle. De fûgel is sjoen by peal 8 op it Noardseestrân. It giet om in jong wyfke yn winterkleed.

It bart net faak dat der snie-ûlen yn Fryslân sinjalearre wurde en seker net twa sa ticht op inoar. De fûgels komme nei alle gedachten út Skandinavië dêr't sy op de toendra libje.

Trefwurden: 
Skylge Flylân snieûle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)