Boer: myn liif woe net hurder

19 jan 2014 - 11:00
  • Margot Boer

Margot Boer fan Goaiïngaryp hat gjin goed gefoel oerhâlden oan it wrâldkampioenskip sprint yn Nagano. Troch in mindere lêste tûzen meter ferspile Boer in poadiumplak en einige as fjirde. 'Dit is balen', seit de hurdrydster. 'De kop woe wol, mar ik koe it liif net mear meikrije. Je moatte gewoan fjouwer goeie ôfstannen ride om op it poadium te kommen en dat ik net dien.'

Boer stie nei de earste dei ticht op de wrâldtitel. Snein wist se dy line net troch te lûken. 'Sneon wie in hiele moaie dei. Hjoed kinne we mar better gau ferjitte'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)