Twadde WK klún-titel Lageveen

18 jan 2014 - 16:21

Tachtich dielnimmers stienen sneontemiddei yn Grou oan de start by it WK klunen. Foar it twadde jier op rige waard it wrâldkampioenskip yn Grou holden. De titel by de manlju gong nei Jelmer Lageveen, dy't lykas ferline jier de rapste wie yn syn eigen wenplak.

By de froulju wie Ineke Wonder de bêste klúnster. Opfallende dielnimster wie âld-reedrydster Annemarie Thomas. Ferline jier joech sy it startskot en die doe de belofte dat se it jier derop oan de start stean soe. It evenemint luts in soad publyk.

Trefwurden: 
Grou WK klunen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)