Skoalle keapet kapel Pniël

De Huzumer kapel Pniël wurdt ferboud ta skoalle en berne-opfang. Pniël is ferkocht oan it kristlik basisûnderwiis yn Ljouwert en krijt in oare funksje. Der komme lokalen yn, want it tal learlingen op de Johan Willem Friso skoalle nimt ta. It gebou is net in monumint en kin sadwaande hielendal ferboud wurde, mar oan de bûtenkant bliuwt alles itselde.
Der komme skoalbern yn de eartiidse Nederlânsk Herfoarme tsjerke. It PCBO is fan doel om ek in IKC (yntegraal bernesintrum) yn Pniël mooglik te meitsjen.