Fjild Be Quick besmard

18 jan 2014 - 14:49

It keunstgersfjild fan fuotbalferiening Be Quick út Dokkum is sneontemoarn besmard mei griene ferve. De doelen, de middenstip en de tegels tusken de dugouts wiene ûnderkalke mei ferve. Tusken de dugouts stiene de letter VVD kalke: VV Dokkum, de tsjinstanner fan dy middei. Om't Be Quick de ferve der sels net ôf krije koe, waard sneontemoarn betiid in skjinmakbedriuw belle.

De fuotbalferiening twifelet noch oft se oanjefte fan fernieling dwaan sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)