Grutte Fryske stand op Boot

18 jan 2014 - 14:11

Mei in stand fan 2000 kante meter drukt Fryslân in flinke stempel op Boot Düsseldorf. De grutte Dútske boatebeurs set sneon útein en duorret goed oardel wike. Yn dy tiid komme der goed 250.000 minsken op de beurs ôf. De stand fan Beleef Fryslân en de gearwurkjende Fryske ûndernimmers is ien fan de grutste fan de beurs.

De Fryske ûndernimmers wolle harren sa as ienheid presintearje. De Dútse merk is en bliuwt tige wichtich foar Fryslân, seit Hanita van der Schaaf fan Beleef Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)