Oenema lêst fan ljiskblessuere

Thijsje Oenema © ANP
Thijsje Oenema rydt it WK sprint yn Nagano mei in blessuere oan har rjochter ljisk. Oenema rûn de blessuere twa dagen lyn op en hat der benammen lêst fan by it starten.
Nei de earste dei op it WK stiet de sprintster fan De Jouwer op it 6de plak yn it algemien klassemint. Sy waard sneon 7de op de 500 meter en 6de op de 1000 meter. Oenema is wol fan doel om snein op 'e nij oan de start te stean op beide ôfstannen.