'Bettere farwei nei Drachten'

18 jan 2014 - 12:54
  • Binnenfeart

Drachten moat lang om let in folweardige oansluting krije op it haadfarwegenetwurk. Dat sei foarsitter Ype Dykstra sneon op de jierlikse byienkomst fan de feriening fan binnenfeartskippers, de Keninklike Schuttevaer. Neffens Dijkstra moat de provinsje miljoenen stekke yn it berikber meitsjen fan Drachten oer it wetter, sadat ek de grutte skippen fan de binnenfeart der goed komme kinne.

Dat soe der foar soargje dat der alle dagen hûnderten frachtauto's minder op de dyk hoege te riden, sa seit Dykstra.

De farwei nei Drachten moat breder en djipper wurde omdat de binnenfeartskippen ek hieltiten grutter wurde. As de farwei nei Drachten net oanpast wurdt, is dat min foar de ekonomyske ûntjouwing fan it plak, sa mient Dykstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)