Frou oppakt foar brânstifting
In 50-jierrige frou út Drachten is freedtejûn oppakt foar brânstichting. De fertochte soe in skuorre by in wenning oan de Dwarswyk yn har wenplak yn brân stutsen hawwe. Tsjûgen seagen de frou en hawwe de plysje warskôge.
De brân sels wie fluch ûnder kontrôle.