Fûgels telle dit wykein

18 jan 2014 - 10:56

Dit wykein fynt wer de nasjonale fûgeltelling plak. Yn it hiele lân wurdt sneon en snein troch in grut tal frijwilligers fûgels telt yn de eigen tún. En dy sifers wurde lanlik registrearre by ûndersyksburo SOVON.

Op dizze wize wurdt byholden hokker fûgelsoarten it goed of minder goed dogge. Ferline jier bestie de top 3 fan meast telde fûgels út de húsmosk, de blokmies en de swarte lyster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)