NAM: net mear gas út Fryslân

18 jan 2014 - 10:28

Minder gas winne yn it Groningerveld by Loppersum betsjut net dat de NAM mear gas winne sil út de lytsere fjilden ûnder Fryslân en de Waadsee. Dat seit NAM-direkteur Van de Leemput yn reaksje op de maatregels fan minister Kamp tsjin de skea troch ierdbevings yn Grinslân. Kamp hat besletten dat de gaswinning by Loppersum mei 80 % werombrocht wurdt.

Kamp kaam ek mei nije regels foar it kompensearjen fan skea troch gaswinning. Dy nije regels jilde tenei foar alle plakken dêr't skea ûntstiet as gefolch foar gaswinning.

It is it doel dat it ôfhanneljen fan dy skea tenei flugger en romhertiger bart mei ek in foarm fan ûnôfhinklik tafersjoch yn it gefal dat de minsken mei skea en de NAM it net iens wurde kinne. Dykgraaf Bert Middel fan wetterskip Noorderzijlvest neamt de maatregels dy't minister Kamp freed yn Loppersum presintearre 'in earste stap', al sil it net genôch wêze om it betrouwen fan de Grinslanners yn 'Den Haach' wer werom te krijen. Middel is sels wol gematigd posityf, want it wetterskip krijt foldwaande jild om al it nedige werstelwurk út te fieren. It giet ûnder oare om it fersterkjen en opheegjen fan de Grinslanner seediken foar in bedrach fan 100 miljoen euro.

Ekonoom Jouke van Dyk fynt de kompensaasje fan 1,2 miljard euro foar Grinslân te min. Hy fynt dat Noard-Nederlân elts jier 1 miljard euro oan kompensaasje krije moatte soe, ek al omdat der elts jier foar 10 miljard euro oan gas út de grûn helle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)