Boer stiet 2de op WK sprint

18 jan 2014 - 07:34

Margot Boer fan Goaiïngaryp stiet nei de earste dei fan it WK sprint yn Nagano op it twadde plak, efter de Sinese Jing Yu. Boer einige op sawol de 500 (38.00) as de 1000 meter (1.15.31) as twadde. Yu wûn de 500 meter (37.67) en waard tredde op de 1000 (1.15.61). Zhang Hong, winner fan de 1000 meter, stiet tredde nei twa ôfstannen.

Thijsje Oenema fan De Jouwer stiet op it 6de plak. Sy waard 7de op de 500 meter (38.46) en 6de op de 1000 meter (1.16.45). Anice Das fan It Hearrenfean (10de op de 500 en 9de op de 1000) stiet 10de.

Boer is tige tefreden oer hoe't it giet. Neffens harsels wie se noch net earder sa ticht by in wrâldtitel. Se wol der op de twadde dei dan ek alles oan dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)