AanZet by lêste 10 Appeltsjes

17 jan 2014 - 20:29

Fryslân hat noch altyd kâns op in Appeltsje fan Oranje, de jierlikse priis fan it Oranje Fonds foar inisjativen dy't ferskillende groepen minsken ferbynt. It Ljouwerter projekt AanZet hat de lêste tsien berikt.

AanZet stipet projekten foar en troch minsken mei psychyske problemen. De oare Fryske kânshawwer, de Landelijke Federatie Belangenbehartiging út Wolvegea is dêrmei ôffallen. Uteinlik krije trije projekten in Appeltsje. De priis bestiet út in brûnzen byldsje, makke troch prinses Beatrix en 15.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)