Sneue EK-start Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is op de 1500 meter op it Europeesk kampioenskip yn Dresden net fierder kommen as in sânde plak. Hy begong wol sterk oan it EK en oerlibbe frij maklik de heat en de heale finale.
Yn de finale waard Sjinkie Knegt de dupe fan in konkurrint. In pear rûntsjes foar de finish gong er ûnderút troch in fal fan Sebastien Lepape. De Frânsman waard troch de sjuery diskwalifisearre, mar Knegt einige op in teloarstellend sânde plak. Niels Kerstholt waard twadde, Freek van der Wart tredde. De Rus Elistratov wûn.
Rianne de Vries oerlibbe de heat, mar waard yn de heale finale fjirde, net genôch om nei de finale te gean. Yn it tuskenklassemint stiet se no alfde en dat mei in bysûndere prestaasje neamd wurde. De tredde Fries yn Dresden, Daan Breeuwsma docht allinnich mei op de ôflossing. Hy berikte mei syn ploechmaten de heale finale.