Sjoerd Feitsma nije wethâlder

17 jan 2014 - 18:08

Sjoerd Feitsma wurdt de tredde wethâlder fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert. Dat hat de fraksje freed bekendmakke. Feitsma wurdt nei Eckhart en Deinum de tredde wethâlder yn Ljouwert. Hy is sûnt 2008 fraksjefoarsitter fan syn partij. De PvdA woe earst yn eigen geleding sjen nei geskikte kandidaten en hat yn Feitsma in geskikte kandidaat fûn. Hy wurket as jurist by Rykswettersteat.

Neffens de fraksje is Sjoerd Feitsma in ferbiner, dy't goed omgean kin mei drege dossiers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)