'Gaskraan net fierder iepen'

17 jan 2014 - 17:50
  • De gasboarynstallaasje by Earnewâld

De provinsje sil nei oanlieding fan it kabinetsbeslút oer de gaswinning yn Grinslân in brief nei it kabinet stjoere. Yn dy brief sil komme te stean dat de provinsje der fanút giet dat de gaskraan yn Fryslân net fierder iependraaid wurde sil, no't dy yn Grinslân tichtgiet.

De provinsje wol dat ek de skea yn Fryslân netsjes ôfhannele wurdt. En de provinsje wol dat it 'vindplaats'-foardiel tapast wurdt. Dat hâldt yn dat de regio dêr't it gas út de grûn helle wurdt, ek de baten dêrfan krijt. Dus net allinnich de lêsten, mar ek de lusten.

Grinslân krijt 1,2 miljard euro kompensaasje foar de skea troch de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)