Ek soargen oer gas yn Eanjum

Algemien Belang Dongeradiel (ABD) makket him grutte soargen oer de gaswinning yn Eanjum. Nei oanlieding fan de ûnrêst yn Grinslân hat ABD tongersdei fragen steld oer de winning yn de gemeente. Fraksjefoarsitter Pieter Braaksma pleitet foar in nulmjitting by alle gebouwen om yn de takomst dúdlik sjen te kinnen oft der skea ûntstiet troch de boaiemfersakking.
Oant no ta is der noch gjin sprake fan skea, mar wol fan in boaiemfersakking fan 10 oant 15 sentimeter. It jild foar dizze nulmjitting moat komme út it Waadfûns.
Yn it doarp libbet it ûnderwerp ûnder de bewenners, wit Lieuwe Dijkstra, foarsitter fan Doarpsbelang Eanjum. Bewenners wurde troch it nijs út Loppersum mei de noas op 'e feiten drukt.