Feemerk wer oan de top

09 feb 2012 - 11:27

De Ljouwerter feemerk is goed tsien jier nei de tongblierkrisis yn 2001 wer de grutste fan Nederlân. Dat seit foarsitter Max Brinksma fan de stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân. Yn Ljouwert wurde alle jierren 100.000 bisten ferkocht, 60.000 skiep en 40.000 kij.

Troch de tongblierkrisis drige de feemerk yn Ljouwert ticht te gean. De Fryske feehannelers namen de saak doe oer. Se wiene benaud dat de slachtbedriuwen oars de prizen bepale soene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)