Minder gas winne yn Grinslân

It kabinet wol de kommende trije jier minder gas winne yn Grinslân. Dêrneist giet der de kommende fiif jier 1,2 miljard euro nei it gebiet as kompensaasje foar de ierdbevings. Dat jild wurdt bestege oan it fersterkjen fan gebouwen, huzen en de ynfrastruktuer en om de leefberheid te ferbetterjen.
Minister Kamp hat dit fan 'e middei yn Loppersum bekend makke. It kabinet praat lykwols net earder as dizze maitiid oer de finansiering fan de oankundige maatregels.
By it bekendmeitsjen fan it beslút wie it tige rumoerich. In soad minsken makken har lilk, de plysje hie hâlden en kearen om de demonstranten tsjin te hâlden.