Waadfûns hat noch 150 miljoen

17 jan 2014 - 16:31

De kommende fjouwer jier wol it Waadfûns 150 miljoen euro útkeare. It leafst oan projekten dy't en de natoer, de ekonomy en de lokale wurkgelegenheid stypje. Der komt allinnich noch jild út it Waadfûns as der gjin alternative finansiering mooglik is.

Ek sil der goed sjoen wurde nei de opset fan projekten. Sa wurdt der by oanfregers op oantrune om gear te wurkjen mei oaren. Foar de kommende fjouwer jier sit der noch 150 miljoen euro yn it Waadfûns. De trije Waadprovinsjes beheare dat jild en bepale wêr't it oan útjûn wurdt.

Trefwurden: 
Waadfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)