'Moardfertochte yn Marokko'

17 jan 2014 - 16:20

It Iepenbier Ministearje hat yn Tsjûkemar-moardsaak in spesjaal opspoaringsbefel útgean litten nei de fjirde fertochte. It IM giet der fanút dat de 18-jierrige fertochte yn Marokko is. Hy soe neffens in wurdfierder ien fan de lêsten west hawwe dy't it slachtoffer yn libben sjoen hat.

It moardslachtoffer Omar Kourrich waard op 20 juny ferline jier fêstbûn en ferbaarnd fûn by De Ulesprong by Sint Nyk. Der binne ûndertusken trije fertochten oanhâlden. Ien fan harren is wer frijlitten, mar wurdt noch wol as fertochte sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)