Mishanneling by ferkearsrûzje

09 feb 2012 - 11:09

De plysje siket de dieder fan in mishanneling yn Drachten. Dêr waard in 24-jierrige ynwenner fan dat plak ferskate kearen yn it gesicht slein. Doe't er dêrtroch foel, bruts er de pols.

De dieder is in automobilist, dy't earder de Drachtster hindere, doe't er foar him ried en geregeld op 'e rem trape. Doe't de Drachtster letter út 'e auto stapte, begûn de dieder op him yn te slaan. It foarfal wie sneon op de Stasjonswei yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)