Eigen drankwet foar gemeenten

Gemeenten moatte no sels in drank-en hoarekawet ha. Foarhinne wie dat lanlik regele. Yn dizze wet moat bygelyks stean oft it skinken fan drank yn doarpshuzen en sportkantines tastien is. Neffens Corné van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Keninklike Hoareka Nederlân is it no net goed regele.
De gemeenten jouwe de parakommersjele bedriuwen lykas MFC's te folle romte, stelt Van de Erve. Lang net alle gemeenten hawwe har belied al fêststeld. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân is juster diskusearre oer in earste foarstel.
It foarstel foar it nije belied fan Súdwest-Fryslân foldocht lykwols noch net oan de easken fan de Keninklike Haoreka Nederlân. It is, lykas it belied by in soad oare gemeenten, net strang genôch.