Siebel slút alle winkels

De Ljouwerter festiging fan Siebel giet net wer iepen © Omrop Fryslân, Alle Faber
Juweliersketen Siebel hat freed per direkt alle 36 winkels en de webshop sletten. Yn Fryslân hat Siebel in festiging oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. It is noch ûndúdlik oft de keten fallyt giet. In wurdfierder fan it bedriuw hat tsjin de Telegraaf ûntkend dat it om in fallisemint giet.
Der wurkje neffens it fakbûn FNV sa'n 170 minsken by de juweliersketen. Neffens it fakbûn giet it wol om in fallisemint. Sy ha heard dat der in kurator oansteld is. De keten bestie yn 2012 hûndert jier en krige ferline jier it predikaat Keninklik.