Barto yn spits by Cambuur

17 jan 2014 - 13:24
  • Martijn Barto

Martijn Barto spilet snein yn de wedstriid SC Cambuur tsjin Go Ahead Eagles yn de spits. Hy is de ferfanger fan Michiel Hemmen dy't noch altyd blessearre is oan de knibbel. Wout Droste spilet ek net. Hy is skorst. Foar him spilet Marlon Pereira.

Ofgeand op de training fan freed, spilet Paco van Moorsel op it middenfjild. De technyske stêf is tefreden oer Paul Mulder. Hy traint op proef mei. Trainer Dwight Lodeweges wol de middenfjilder der wol by hawwe. Mulder is op dit stuit yn ûnderhanneling mei de direksje fan Cambuur oer in kontrakt.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)