Kamp op wei nei Loppersum

© ANP
Minister Henk Kamp jout healwei fiven in parsekonferinsje yn it Grinzer Loppersum oer it beslút oer de gaswinning yn Grinslân. Kamp liet dat freed witte foardat er yn de auto stapte om it beslút yn it noarden bekend te meitsjen. Hy woe ynhâldlik neat sizze.
Freed naam de ministerried in beslút oer de gaswinning. De ferwachting is dat it kabinet beslute sil om minder gas te winnen en jild beskikber te stellen foar kompensaasje oan de dupearren fan de ierdskokken. Oft it kabinet dat yndie besletten hat woe de minister net befestigje.