Ynvestearring yn biogasbedriuw

De Fryske ynvestearringsmaatskippij FB Oranjewoud nimt in finansjeel belang fan ûngefear 30 persint yn it biogasbedriuw Greenmove Technologies út Ljouwert. Greenmove makket in ynstallaasje dy't de wurking fan fergisters ferheget. It jild fan FB Oranjewoud moat in stimulâns wurde foar de ferkeap fan dizze ynstallaasjes.
Greenmove hat no noch in omset fan ûngefear 1 miljoen euro yn it jier. De ferwachting is dat dit bedrach de kommende jierren ferdûbele of fertrijefâldige wurde kin.