EVT betellet net werom

Fearboat Spathoek fan de EVT
Passazjiers fan rederij EVT dy't har boekte oertocht fan en nei Skylge annulearje wolle, krije foarearst gjin jild werom. De EVT sit yn jildneed en sjocht dizze groep klanten as skuldeaskers. By útbetelling is de EVT benaud dat ek oare partijen dy't noch jild fan de rederij ha moatte har melde sille.
De EVT hat goed 25.000 euro boekingsjilden op de bankrekken stean en is neffens direkteur Erwin Rob sûnt oktober al trije ton oan ynkomsten misrûn. Steatssektaris Mansveld makke doe bekend dat se de fearferbining fan de EVT stake woe.
Yn in koart pleit bepaalde de rjochter koartlyn dat de EVT fan febrewaris ôf net mar farre mei. De rederij giet tsjin dizze útspraak yn heger berop.