Man (41) bedriget plysje

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed in 41-jierrige Ljouwerter oanholden nei't er plysjes mei de dea bedrige hie. De man waard op it Noardvliet frege nei syn identiteitsbewiis, om't er like op in man nei wa't plysje op syk wie. De Ljouwerter wegere mei te wurkjen oan de kontrôle.
Doe't er de plysjeminsken bedrige mei de dea, waard er oanholden en meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat it net om de man gie nei wa't de plysje al langere tiid socht. De Ljouwerter sit noch wol fêst foar bedriging fan de plysje.