Ljouwerter mishannelet portier

17 jan 2014 - 11:25
  • Plysjesel

In 35-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed oanholden foar mishanneling fan in portier fan in kroech yn de Alde Doelesteech. De Ljouwerter hie de útsmiter by syn kiel pakt en dêrnei syn jas fernield. Mei de noadige muoite koe de plysje de man oanhâlde en waard er meinaam nei it buro.

De man wegere om mei te wurkjen. Der moasten meardere plysjeminsken oan te pas komme om de man út de plysjeauto nei de sel te bringen. Freed sil de 35-jierrige Ljouwerter heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)