Oerfallers bromfytssaak pakt

09 feb 2012 - 10:48

Twa manlju dy't yn Nijhoarne trije wike lyn de bromfytssaak fan Gerlof Schaaf oerfallen hawwe, binne oanhâlden. It giet om in 20-jierrige man út Wolvegea en in 24-jierrige man út Blesdike. Schaaf waard yn syn saak beetpakt troch ien fan de twa. Hy drige mei in mes en easke jild.

Nei de fjochterij wist de oerfaller te ûntkommen. Tegearre mei in maat naaide er út yn in donkere Mercedes. De plysje kaam de twa op it spoar nei tips foar tsjûgen as gefolch fan in boargernetaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)