CSG Liudger Raai op sûne toer

17 jan 2014 - 07:21
  • Liudgerlokaasje Raai yn Drachten

Skoallemienskip CSG Liudger lokaasje Raai yn Drachten hat it nije skoalgebou yn gebrûk nommen foar Havo en VWO. It is it tredde gebou fan de skoallemienskip dat yn in koart skoftsje tiid oplevere is. De kosten binne 14 miljoen euro. It nije gebou oan de Raai hat ûnder oaren in technasium mei in spesjale ûntwikkelde romte. De skoalle begjint letterlik mei in frisse start, want sawol yn 'e skoalle as op it skoalplein mei net mear smookt wurde. Boppedat is trijekwart fan de snacks yn de automaat sûn.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)