Winkelferbod foar 80 minsken

Tachtich minsken ha yn 2013 in kollektyf winkelferbod krigen yn de Ljouwerter binnenstêd. Dit yn ferbân mei stellerij of agressyf gedrach. Seis fan dy tachtich minsken binne op 'e nij yn de fout gien. Fyftich minsken krigen ferline jier in warskôging. Yn totaal 170 Ljouwerter winkels dogge mei oan in gearwurking tusken befeiligingsbedriuw Trigion, de gemeente en de plysje. It doel fan it winkelferbod is previnsje.