Heale maraton Snits folboekt

De heale maraton fan de earste edysje fan de Mar-athon Sneek is fol. It maksimale oantal fan 1500 hurdrinners is berikt. Ynskriuwe foar de hiele maraton is noch wol mooglik. De heale en hiele maraton om de Snitsermar hinne wurde rûn op sneontejûn 21 juny, de langste dei fan it jier.
Oerdei is der romte foar in kuiertocht oer 21 of 42 kilometer.