Legaat foar Alde Tsjerken

16 jan 2014 - 15:31

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat koartlyn in grut jildbedrach krigen út in neilittenskip fan in partikulier. It giet om 75.000 euro. It jild komt fan in man út Deinum dy't koartlyn donateur wurde wie. Hy wie sa ûnder de yndruk fan it wurk fan de stichting, dat er ek nei syn dea wat dwaan woe.

Direkteur Gerhard Bakker fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken is wiis mei it legaat. Der komt dit jier minder jild fan it ryk foar it ûnderhâld fan de tsjerken, dus de stichting kin it jild goed brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)