Sintrum Hegebeintum weriepene

16 jan 2014 - 15:21

Yn Hegebeintum hat wethâlder Haaije Tolsma tongersdeitemiddei it Dokumintaasjesintrum Ferwerderadiel iepene. It sintrum siet earder yn de bibleteek fan Hallum, mar omdat dy ticht gie moast der in nij plak socht wurde. Dat is fûn yn it besikerssintrum fan de terp yn Hegebeintum.

It nije plak is faker iepen en lûkt folle mear besikers, wol moat it gebou op termyn útwreide en isolearre wurde. Yn it dokumintaasjesintrum is materiaal te finen oer de skiednis fan Ferwerderadiel.

De gemeente Ferwerderadiel wol besykje om de boaiemskatten út de gemeente - lykas de koperskat fan Hallum - op termyn wer nei de gemeente werom te heljen. Wethalder Tolsma fan Ferwerderadiel sei dat tongersdei yn Hegebeintum by de weriepening fan Dokumintaasjesintrum Ferwerderadiel. De boaiemskatten fan de gemeente lizze no foar it grutste part yn it noardlik archeologysk depot yn Nuis en Tolsma fynt dat skande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)