Koperdief pakt yn Ljouwert

09 feb 2012 - 10:20

De plysje is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn it Nieuwstraatje yn Ljouwert in 42-jierrige ynwenner fan de stêd oer it mêd kaam by stellerij. De plysje kaam de man op it spoar nei in melding fan in foarbygonger. Dy seach dat de man ynbruts yn in leechsteand gebou.

Doe't de plysje by it gebou oankaam naaide de man út. Hy koe koarte tiid letter dochs oanhâlden wurde. Dêrby die bliken dat er koper by him hie.

Trefwurden: 
Ljouwert stellerij koper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)