Hokfoar stúdzje jout in baan?

In oplieding ta keramist, signmaker of 'gaming artist' jout in goede kâns op in baan. Dy kâns is folle lytser by oplieidngs foar mitseler of sjoernalist. Dit docht bliken op de webside studieperspectief.nl fan it fakbûn CNV. Op dy webside is te sjen hokker stúdzje de bêste kânsen biedt op in baan.
Oer it algemien binne de kânsen op wurk yn Fryslân net grut. Alle beroppen yn Fryslân skoare ûnder it lanlik gemiddelde.